|
||||||||
|
It nijste en lêste boek fan Steven H.P. de Jong (1935 - 2018)Folsleine titel:It klaut earne De omkearde ferhúsdoaze - diel 2. 240 siden 110 gram, hagelwyt/side 125 x 200 mm 1e printinge, Burgum, 2018 ISBN: 978-90-821237-3-9 Steven nimt ús mei nei de wjeraksels tusken experimentelen en tradisjonelen yn it Fryske literêre libben fan rûchwei de twadde helte fan de foarige ieu. In grut tal orizjinele besprekken en skerp polemysk wurk fan syn hân passearret de revu en is troch Steven yn it ramt fan dy tiid past en fan kommentaar fersjoen. Eigen wurk, mar ek tal oare grutte nammen fan dichters en skriuwers út dy tiid komme allegearre op it aljemint. Dizze útjefte is in must foar eltse leafhawwer fan Fryske literatuer, want fan wa oars as fan immen dy't der midden yn stie kin men mear leare fan dizze sa opmerklike en fruchtbere literêre perioade! - It is hjoed wat tryst om mij hinne (Frysk en Frij, 23 Oktober 1959). - In mislearre oanslach mei de seksbom (Frysk en Frij, 27 maeije 1960). - In stikje orzjiniel manuskript (by útsûndering yn it Nederlânsk, de measte haadstikken binne Frysk), produsearre mei Steven syn âlde typmasine. - De earste side fan "It klaut earne". - Resinsje fan It Klaut Earne (LC, 25 Jan 2019) In part fan Steven syn orzjiniele boekekast is te sjen yn it omslach, in ûntwerp fan E.F.A. de Jong. "It klaut earne" is no te keap, klik om te bestellen ! ---> Werom nei haadsideRealisatie: Palisse |