It testamint fan Mr.Dr. K.



(Klik om te fergrutsjen)




(Klik om te fergrutsjen)


Fan Gysbert-Japicx-priiswinner Steven H.P. de Jong, alwer de twadde druk!

Folsleine titel:

It testamint fan Mr.Dr. K.
De omkearde ferhúsdoaze diel 1, in atonale útbylding fan in stikje Frysk literêre skriuwerij.


194 siden
Romandruk
125 x 200 mm
Burgum, 2014
ISBN: 978-90-821237-2-2

Op it toniel stean twa briedstuollen. Twa âldwe mantsjes komme op. Se tôgje in ferhúsdoaze. Foar't se sitten gean, keare se dy om. Se begjinne te lêzen, prate deroer. Benammen de iene skodhollet en liket safolle mooglik yn in papierkoer te smiten. De oar, Keimpe hjit er, laket en fisket út en troch wat út 'e papierkoer. Wat se bewarje, komt yn in foliomap. As se klear binne, set Keimpe in folle swarte jiskefetpûde op de plattearde ferhúsdoaze en seit: 'No wy noch'. Dan tingelet de skriuwer wat op 'e piano, wylst Keimpe mei de ûnderkant fan syn gongelstôk it ritme oanjout op 'e boaiem fan 'e omkearde lege papierkoer. Dan stean se op, bûge nei mekoar en ferdwine.

Resinsjes:
Ljouwerter Krante 2015 / Ljouwerter Krante 2017
Friesch Dagblad 2015
Actief 2014: Stikje, Ynformaasje, Advertinsje

Klik op it weintsje om te bestellen ! --->





Werom nei haadside




Realisatie: Palisse